| ma | di | wo | do | vr | za | zo |
|---|---|---|---|---|---|---|
| 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
| 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
| 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
| 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |

De Nederlânske jongere sûpt him it Lazarus skynt. Fan it oantal jongeren dat op de yntensive care telâne komt yn Europees ferbân sûpt de Nederlânske jongere him nei in earste plak. Teminste sa stiet yn in beliedsnota fan de gemeente Wierden dêr't ik yn ombledderje. Sels soe ik wolris in drankkeet besykje wolle, bin der noch noait west. It skynt dat je as folwûksene mear drank hawwe kinne dan in bern mei in ûnfolgroeid liif. Miskyn soene âlderen wat mear de rol fan de jongere op harren nimme moatte. Op nei it jeugdhonk. Och ja, de binne ek keten by der't it wol wat tafalt sa't de CU wethâlder Hutten fan Staphorst seit, 'der binne by dy't frijwilligerswurk yn Roemenië dogge elk jier. Ik moat eefkes nei de sliterij...
De kop stiet der net nei hjoed fanwegen in stjêrgefal.
Je ferlieze wolris wat, it is in stikje breinplasse dat letter yn 'e Noardsee wer opdûkt, of it yn dit gefal hjirneist in weintsjil dat yn 'e golf fan Akaba fûn is, op it punt wêr't in hege berchheling ûnder it opperflak rint. It ding komt út 6000 foar kristus.. de tiid dat it Joadske folk de reade see oerstiek. It tsjil waard yn 'e 1978 opdûkt troch Amearikaanske ûndersikers. It hie aardich west as der ek noch wat stikjes fan in Neanderthaler by lein hiene.. mar nee dat wie net sa. Ik fyn it in pracht foto. It ferhaal wat ik hearde op 'e sneinsskoalle, oer in Farao dy't mei skom op 'e mûle efter Moazes en syn folk oan jage, kloppet dus dochs.
Safolle glês lei der op it fytspaad tusken Blauhús en Wolsum. Stikkene drankflessen, in Johnny Walker label mien ik dat ik seach..It wie as leinen der iisklûntsjes op myn paad. Dy hawwe juster flink ta de flesse sitten, sa tocht ik. Wat wolle je ek as je yn sa'n plak as Blauhús wenje, dan moatte je sa no en dan wolris eefkes wat gek dwaan. Ik haw der noch oan tocht om it glês yn it gers te wâdzjen, mar dan hie'k no noch net thús west tink ik. Nei Wolsum kaam ik in jong stel tsjin dat frege oft sy it paad del koenen by dy boer nei de Wolsummer Ketting. Dat wist ik net krekt, ik haw se mar nei Blauhús ta stjoerd.
By boer Hoekstra fan Laerd en Saerd lei in brúne merje yn it lân, in pracht fan in hynder. As hja in frommiske west hie dan hie'k oer 'e feart sprongen. Op in stuit seagen hja my oan, draaiend mei beide earen yn ôfsûnderlike rjochting. Ik wist net dat hynders dat koenen; de earen los fan inoar yn it rûn draaie. It like wol of hie it bist in periskoop op 'e kop.
Doe't ik hast thús wie kaam ik Fenne ter H. tsjin. Hy makke in moaie opmerking oer hynsten: 'In hynst sjocht nea werom, dêrfoar hat hja blynkapen op'. It wie noch wier ek. Ek fertelde hy my dat in minsk eins fjouwer liter wetter deis nedich hat. Dat gong my eins wat te gek...fjouwer liter. Sûpers wurde makke.
In knappe útfiering fan Habanera fan Hellen Lepalaar justerjûn. Ien fan 'e moaist wurken fan Bizet.. in mezzo sopraan dy't my mear noch die dan bygelyks troch de Grykse Angela Georghio. Ik seach op You Tube ek in útfiering troch de Ingelske Mezzo en eachferblinend knap 'blondje' Katharine Jenkins. Fenomenale stim mar noch wat sykjend nei adem, sa no en dan ne Itaaljaanske wurden happend. Fierder op You Tube seach ik dat se it mei populêrder wurk better docht. Thrilling moai, ûntank swakkere mominten.
Somtiden moatte je wolris laitsje. Dat is moai wurk sis mar.. Ik hie dat mei in útspraak fan Woody Allen. Faak moatte je yn 'e films fan Allen sykje om spjeldeprikjes fan subtile humor. Films dêr't men net by mei in pûde sjips yn in stoel der wat by hingje kin. Dêrom ek hawwe sokke films faak ek in Itaaljaansk rantsje, al is de Itaaljaanske humor wer oars, minder op effekt út miskyn. Mar de dialogen rattelje mar troch.
Hawar ik moast o sa laitsje dus om in útspraak fan de regiseur, skriuwer, weryn er it bestean fan God yn twifel nimt, en de kâns dat er oan jo ferskynt like grut achtet dan dat je noch oanspraak meitsje kinne op in echte ambachtsman. Of sa as er seit; it is dreger om in goede leadjitter yn it wykein te krijen.
Nee net de dúdlikste foto fan dizze Ingelske dichter is dit. It is dan ek net ien fan de bekendere dichters fan syn tiid. P.J. Baily ferdjippe him nei’t er de universiteit net ôfmakke hie fierder yn teology en filosofy. Hy wie doe al fan Nottingham nei Londen ferhúze, wêr’t er yn 1939 syn ‘Festus’ skriuwe soe. Yn Amearika en Ingelân bekend wurden as in poëtikaal manifest tusken twa generaasjes yn, wat tinken en maatskiplik begryp oanbelanget. Hy hat eins dien wat syn heit yn Nottingham al die by de pleatslike krante, it publisearjen fan syn eigen gedachtegoed. Ien fan syn útspraken wie dat wat je dogge soms fan grutter belang is dan wat je tinke.
Fan't Wykein lei ik dit Nederlânske wurd yn in wurdspul. It is in dreech genôch foar Friezen om't it safolle betizing jout mei hurde en sêfte lûden. De 'V' wurdt nammentlik hurder útsprútsen dan de 'F' mar swakker dan in 'V'. De 's' wurdt hast as in 'z' útsprutsen. De 'g' hat ek nochal in sêft lûd mar net inselde útgong as guon Fryske wurden dy't op in 'g' einigje. Je niigje der dan ek wol ris nei om it te skriuwen as 'Fadzig', of lul ik no út de nekke.. Hawar it, wurd wurdt bestiet net yn it Frysk. Men seit dochs meast gewoan dat immen grou, as groulivich. Om it nochris oer it Nederlânsk te hawwen, de betsjutting fan it wurd 'Vadzig'... der binne aardich wat synonimen foar te betinken. Sjoch mar.
Vadsig: Dik en Lui, dikbloedig, levenloos, log, loom, lui, luizig, lusteloos, werkschuw, traag, onbenullig, maf, indolent.
Nee, diskear bygelyks gjin blog oer in Tsjechyske oersekste dokter dy't fan in freondinne in foarm fan ûnthâlding oplein krijt. Nee... diskear oer hoe't it rinne kin as je bygelyks tolve kilometer oer Tsjerkwert, Blauhús en Wolsum kuierje en dan ûnderweis de skrik fan je libben krije as je ynienen bretaal oanroppen wurde troch yn wjerkôger. Ik hear jo al tinken fan... jo witte ek net mear wat je opskriuwe sille... dat is wol sa, mar ja, je hawwe fan dy dagen. Kuierje heart eins in ûntspannen oangelegentheid te wêzen ek dêr't de geast him by ûntspanne moat, teminste sa sei Lao Tse ris.
Dochs núver ek hoe't in bist in minsklike stim neidwaan kin. Ik wie Blauhús noch mar krekt foarby, as der waard op my skolden. 'Baaaaa...aaaa'. Ik skrok my sawat in beroerte, of in huodsje. Net dat ik noch nea in beroerte hân hie hear.. mar de skrik hen? De skrik siet der eefkes goed yn. Sa't men op de foto sjen kin sjit it mei de nijbou fan it nije Teatskehús mei de dei op.
Der siet my sa'n rottige popup dwers, dat ik koe net blogge.. No dus wol wer, no't ik dus de popup nei de oare wrâld holpen haw. Dochs noch in maoie oerwinning op in wat in draaikonterige dei. Echt nijs stie der ek net yn 'e kranten, meast âld nijs. Minsken libje fan âld nijs sa't skynt. No ik sil eefkes itenkoaitsje, en jo lêzer witte dat ik wer publisearje kin. mei tank oan it ferhelpen fan 'e popupkwestje.
Laatste reacties